Coronanijs 2 april: Gjin ekstra maatregels foar Waadeilannen, Hearrenfean wol trochspylje

02 apr 2020 - 21:40

Yn dit liveblog melde wy it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Der is de ôfrûne 24 oeren ien persoan ferstoarn oan it firus, dêrmei stiet it oantal stjergefallen op 12
  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 158 minsken posityf test op it firus.
  • Der leine tongersdei 27 coronapasjinten op de intensive care en nochris 69 op oare ôfdielingen yn de sikehuzen.
  • Skoallen en hoareka bliuwe ticht oant en mei 28 april
  • It betelle fuotbal leit stil oant 1 juny.
  • Hearrenfean wol nei 1 juny trochspylje en de kompetysje útspylje, Ajax wol takom seizoen wer begjinne.
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier.
  • Sjoch hjir op de oersjochkaart hoefolle minsken mei coronafirus der op dit stuit yn it sikehûs lizze (boarne: RIVM/GGD).

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

22:28
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan tongersdei 2 april oer de coronakrisis. We sette noch ien kear it wichtichste nijs op in rychje.

  • Der komme foarearst gjin ekstra maatregels om toeristen fan de Waadeilannen wei te hâlden, mar boargemasters roppe minsken op om net te kommen;
  • SC Hearrenfean wol de kompetysje ôfmeitsje, as it RIVM dat talit, mar Ajax, PSV en AZ sjogge dat net sitten;
  • Der is corona konstatearre yn in soarchsintrum yn Sint-Anne, mar fanwege de beheinde testkapasiteit kin net al it personiel test wurde;
  • De plysje makket him soargen oer massale drokte, no't der in wykein mei moai waar foar de doar stiet;
  • De gemeente Ljouwert hat grutte soargen oer de kulturele sektor, wethâlder Feitsma wol dat it Ryk sjocht nei de lange termyn;
  • Der binne yn ús provinsje oant no ta 158 minsken posityf test op it firus, en tolve Friezen binne der oan ferstoarn;
  • Oer de hiele wrâld stiet it stjertesifer boppe de 50.000, en binne der mear as ien miljoen besmettingen.

Moarn is der in nij liveblog. En op de radio is it lêste nijs as earste te hearren yn it programma Fryslân fan 'e Moarn. Yn dat programma reagearret de bestjoersfoarsitter fan soarchgroep Alliade op it nijs dat trettjin bewenners fan in ferpleechhûs op It Hearrenfean ferhúzje moatte, om romte te meitsjen foar minsken mei corona. Guon famyljeleden binne dêr ferbjustere oer, omdat de bewenners yn de lêste faze fan it libben sitte.

22:14
Wurk wegerje, mei dat as it ûnfeilich is?

Fakbûn FNV kriget in soad fragen fan soarchmeiwurkers oer it wegerjen fan wurk. Fanwege krapte oan beskermjend materriaal is it de fraach oft wurkjen wol feilich is.

21:47
Hoe is it wurk as ferpleechster no?

Ferpleechster Gerbecht van der Meulen út de omkriten fan Dokkum fertelt op har Facebookside hoe't it der op dei op har wurk oanta giet.

21:29
"We zijn te dikke tachtigers aan het redden die gerookt hebben"

Presintator Jort Kelder, dy't op Skylge wennet, fynt dat de maatregels fanwege it coronafirus foaral ien groep beskermje. Lês hjir it folsleine berjocht.

20:38
Needferoardering duorret langer

De Veiligheidsregio hat de needferoadering tsjin de fersprieding fan it coronafirus ferlinge oant 28 april. Ien maatregel is dat sanitêre gebouwen op campings oant dy datum ticht bliuwe moatte. In oare maatregel is dat de plysje yngripe kin as minsken net oardel meter ôfstân ta inoar hâlde. De Veiligheidsregio ferwachtet dat it rêstich bliuwt yn Fryslân en ek op de Waadeilannen. In soad toeristen hawwe ôfsein. Dêrom sil de goed medyske soarch oan de eigen ynwenners nei ferwachting net yn gefaar komme.

20:23
Belestingútstel foar bedriuwen

Undenimmers kinne no ek útstel oanfreegje foar in fiiftal belestingen, nammentlik miljeubelesting, assurânsjebelesting, kânsspulbelesting, aksyns en de ferhiedersheffing. Steatssekretaris Vijfbrief hat dat bekend makke. De maatregel is bedoeld om bedriuwen dy't wol kosten meitsje, mar gjin of hast gjin ynkomsten hawwe, yn 'e mjitte te kommen.

20:13
Minder sport en mear beltegoed yn de Ljouwerter finzenis

Yn de finzenis jilde njonken it algemiene advys fan it RIVM ek oare maatregels. Finzenen kinne gjin besite krije, mar wol in iPad, sadat se skype kinne. Se krije ek ekstra beltegoed om yn kontakt te bliuwen mei it thúsfront. Dat seit Harry Lefferts fan de Ljouwerter finzenis.

De finzenen wurde dêr yn lytse, aparte groepkes hâlden, sadat de kâns op ferprieding fan it firus lytser is, en der binne minder aktiviteiten. It jûnsprogramma is hielendal ferfallen.

20:06
Sandra is ferpleechster op de earste help: "De zorg is intensief"

De strange isolaasjemaatregels soargje der foar dat it wurk op de earste help 'intensief' is. Dat seit Sandra Di Rocco. Se is ferpleechster op de earste help fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten, en foar Omrop Fryslân hâldt se in fideodeiboek by.

Foto: Omrop Fryslan

Der binne ekstra misken ynsetten op de earste help, seit se. En der wurdt in heger berop dien op it personiel as normaalwei. "Nu zien we hoe hard we elkaar nodig hebben."

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)