Douwe de Vries beneamd ta foarsitter Atletenvereniging KNSB

02 apr 2020 - 06:41

Douwe de Vries is woansdei beneamd ta foarsitter fan de Atletenvereniging KNSB. De langebaanrider fan It Hearrenfean, dy't koartlyn de ein fan syn reedrydkarriêre bekend makke, folget Freddy Wennemars op, dy't sûnt 2017 foarsitter wie.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Wennemars bliuwt wol as frijwilliger by de Atletenvereniging belutsen. Hy wol him no lykwols mear fokusje op syn eigen recruitmentbedriuw. "Ik geef met vertrouwen het stokje door aan Douwe. Hij was de gewenste opvolger en heeft de unanieme steun gekregen van de topsporters binnen de KNSB-disciplines."

Douwe de Vries wie al earder aktyf foar de Atletenvereniging fan de KNSB, hy wie sels belutsen by de oprjochting derfan. Hy hat reedriden yn ferskate dissiplines (maraton en langebaan) en is ek foarsitter fan de Atletencommissie fan de Internationale Schaatsunie ISU. Hy is ek binnen it Internationaal Olympisch Comité lid fan de kommisje dy't resint alle rjochten en plichten fan atleten op in rychje setten hat: Athletes Rights and Responsibilities Declaration Steering Committee.

"Ik ha meardere jierren in soad wille belibbe oan it reedriden en ik fyn it moai om op dizze wize wat werom dwaan te kinnen", seit De Vries. "Ik fiel my tige belutsen by de reedrydsport en it wol en wee fan myn kollega's. Binnen de ISU fertsjintwurdigje ik de atleten op ynternasjonaal nivo, it fielt goed om dit de kommende tiid ek yn eigen lân dwaan te kinnen."

Herman de Haan, direkteur-besjtoerder fan de KNSB: "De Atletenvereniging draagt duidelijk haar steentje bij aan het beleid en de besluitvorming binnen de KNSB, waarbij het perspectief van de sporter centraal staat. Wij danken Freddy voor zijn enthousiaste en opbouwende inbreng en hebben er alle vertrouwen in dat Douwe die rol met verve zal overnemen. Wij wensen hem daarbij alle succes."

(advertinsje)
(advertinsje)