Boeren wolle net mear prate mei minister Schouten

01 apr 2020 - 22:36

It Lânbou Kollektyf hat it oerlis mei minister Schouten oer de útstjit fan stikstof foarearst stillein. Neffens de fertsjintwurdigers fan de agraryske sektor wol it kabinet syn eigen aginda der trochdrukke.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De partijen fine dat in regeling om boerebedriuwen op te keapjen te min effekt hat op wichtige natuergebieten. Ek soe minister Schouten gjin each hawwe foar de maatregels dy't boeren nimme wolle om de stikstofútstjit te beheinen, lykas it oanpassen fan feefoer. Sy hawwe it gefoel dat maatregels der trochjage wurde en dêrom skrasse sy it oerlis foarearst.

"Alle goede ideeën vanuit de sector worden juridisch lamgeslagen vanuit het ministerie", sa klinkt it by it kollektyf. Se fine it ûnbegryplik en ûnferantwurde dat de minister just no yn coronatiid maatregels der trochdrukke wol.

(advertinsje)
(advertinsje)