Twa wenningbrannen yn Ljouwert rap ûnder kontrôle

01 apr 2020 - 21:38

De helptsjinsten moasten woansdeitejûn twa kear útride foar wenningbrannen yn Ljouwert. Yn in sliepkeamer fan in hûs oan de Jacob Binckesstrjitte bruts om kertier foar sânen hinne brân út. In dik oere letter wie der brân yn in appartemintekompleks oan de Roptastate yn de stêd.

By de brân oan de Jacob Binckesstrjitte wie de bewenner yn earste ynstânsje noch yn de wente, mar koe hy der dochs sels útkomme. Hy rekke net ferwûne en de brânwacht hie it fjoer gau út. De brân wie yn de sliepkeamer. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

De brân dy't om acht oere jûns hinne útbruts oan de Roptastate, wie yn de keuken fan in appartemint. De brânwacht wie ek dizze brân rap de baas. Ek hjir is noch net bekend hoe grut oft de skea is.

(advertinsje)
(advertinsje)