De Fryske Marren wol subsydzje foar skraste befrijingsaktiviteiten werom

01 apr 2020 - 21:12

Ferieningen en stichtingen yn De Fryske Marren dy't harren aktiviteiten om 75 jier befrijing hinne skrast ha fanwege de coronakrisis en fierder gjin kosten makke ha, moatte de gemeentlike subsydzje werombetelje. Dat skriuwt de gemeente yn syn nijsbrief.

Foto: Gemeente De Fryske Marren

Ungefear in moanne lyn stiene der noch tal fan aktiviteiten op it programma. De subsydzjepot fan De Fryske Marren wie hast leech. No hinget de flagge der ynienen hiel oars by en moatte hast alle festiviteiten skrast wurde.

Boargemaster en wethâlders hawwe besletten dat inisjatyfnimmers fan eveneminten dy't ferskood wurde, de subsydzje wol hâlde meie. Mar as in aktiviteit hielendal skrast wurdt, moat de ûntfongen bydrage ynlevere wurde. As der al kosten makke binne, dan moatte de inisjatyfnimmers kontakt opnimme mei de gemeente. Der kin dan besjoen wurde oft dy noch ferrekkene wurde kinne.

Kreative oplossing

Yn guon gefallen wurdt der in kreative oplossing betocht om in aktiviteit wol trochgean te litten. Sa wurdt de lêzing fan skriuwster Suzanna Jansen fan de biblioteken no online dien, op de Facebookside fan biblioteken Mar en Fean.

(advertinsje)
(advertinsje)