Bert Wassink beneamd ta wethâlder fan Ljouwert: "Ik zet er mijn tanden in"

01 apr 2020 - 20:50

Bert Wassink fan GrienLinks is woansdeitejûn beneamd ta wethâlder fan de gemeente Ljouwert. Dat barde by in riedsgearkomste dêr't mar 21 fan de 39 riedsleden by oanwêzich wiene yn it stedhûs fan Ljouwert. Dat oantal wie krekt genôch om Wassink formeel te beneamen.

Bert Wassink - Foto: Omrop Fryslân

Der wiene mar sa'n bytsje riedsleden yn it stedhûs fanwege de coronamaatregels. Fan de 21 leden stimden 20 foar de oanstelling fan Wassink. De stimbriefkes waarden mei in lange kollektestôk ophelle, sadat nimmen tichterby as oardel meter fan elkoar kaam.

Bert Wassink folget syn partijgenoat Herwil van Gelder op as wethâlder. Dy hâlde yn jannewaris op, omdat er ûnder fjoer lei fanwege syn oanpak fan it Wmo-dossier. Wassink wie de lêste fiif jier boargemaster fan de gemeente Skylge. Hy hie tiisdei syn lêste wurkdei op it eilân.

Blommen op ôfstân

"It wie in bytsje in nuvere jûn," seit boargemaster Buma fan Ljouwert nei it beneamen. "Wy hawwe him lokwinske fan ôfstân. Mar it meast wichtige is dat wy wer in wethâlder hawwe. It soe moai wêze as wy ek op ôfstân stimme koene yn ditsoarte gefallen." In bosk blommen is Wassink net oerlange, mar is delsetten. En de boade wie warber mei desynfeksjeguod.

Neffens PvdA-fraksjefoarsitter Andries Ekhart draait it foar Wassink no om ien ding: "Kennismaken is het belangrijkste. Maar als je ziet naar zijn enorme ervaring komt dat wel goed, hij is echt alles geweest: griffier, raadslid, wethouder, burgemeester in diverse gemeenten. Hij is goed bekend in het noorden."

Andries Ekhart en Sybrand Buma

In kâns

Sels hat Wassink der nocht yn. "Toen dit een kans werd, dacht ik: dit is wel erg mooi. Om in een grotere stad bestuurder te zijn zie ik als een uitdaging. Ik heb er erg veel zin in en wil ook graag mensen leren kennen. Het is een grote stad met ook de nodige problematiek. Bijvoorbeeld op het gebied van werk. Maar het is een prachtige stad met veel historie, ik ben blij dat ik daar nu deel van mag uitmaken. Ik ben niet bij de Wmo-discussies geweest de afgelopen jaren. Ik sta er neutraal in. Uiteindelijk moet je het toch samen doen. Energie is een van de belangrijke zaken in mijn portefeuille. Ik ga daar mijn tanden in zetten."

Bert Wasskink jout in reaksje

(advertinsje)
(advertinsje)