FNP-steatefraksje wol stipe foar doarpshuzen en wykgebouwen

01 apr 2020 - 20:30

Foar doarpshuzen en wykgebouwen moat der stipe komme út it Iepen Mienskips Fûns. Dat fynt de FNP-steatefraksje. Fan ferskillende kanten hat de steatefraksje heard dat guon doarpshuzen en wykgebouwen yn 'e knipe komme, no't se net mear iepen binne as gefolch fan de coronakrisis.

Foto: Pixabay

Neffens de FNP ha doarpshuzen en wykgebouwen in grutte sosjale funksje foar mienskippen. Troch de coronakrisis kinne se net mear iepen en dêrom is in grut part fan de gebrûklike ynkomsten ferlern gien. Dy ynkomsten binne wichtich om de eksploitaasje en de begrutting rûn te krijen.

Doarpshuzen en wykgebouwen komme net yn oanmerking foar de kompensaasje dy't it ryk beskikber stelt. De FNP wol ek dat der sjoen wurdt oft der ek oare fûnsen oanboarre wurde kinne om de doarpshuzen en wykgebouwen te stypjen.

(advertinsje)
(advertinsje)