Grouster bedriuw hat fergeze besoarchservice mei elektryske auto's

01 apr 2020 - 20:13

Undernimmers komme yn dizze tiden fan corona mei hieltyd kreativere oplossingen om dochs oan it wurk te bliuwen. Sa as yn Grou dêr 't in hanneler yn elektryske fytsen en auto's dy no ynset as fergeze besoarchservice yn de binnenstêd fan Ljouwert.

Gewoanwei ferkeapet E-SI Rides elektryske fytsen en auto's, mar dat rint op't heden net fanwege de coronakrisis. Dêrom brûke sy de ferfiermiddels no foar in fergeze besoarchservice foar minsken dy't sels de doar net út kinne.

Se wurkje ek gear mei oare bedriuwen. De tsjinst is nammentlik ek foar ûndernimmers dy't troch de omstannichheden twongen binne in besoarchservice op te setten. Restauranthâlder Evert-Jan van den Hoed út Ljouwert makket gebrûk fan twa elektryske auto's fan it Grouster bedriuw.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman praat mei ûndernimmer Sjaak Sinnige fan E-SI Rides

Restauranthâlder Evert-Jan van den Hoed út Ljouwert makket gebrûk fan de elektryske auto's

(advertinsje)
(advertinsje)