Blydskip en teloarstelling foar sportferieningen yn Sint-Anne

Twa klups, beide út Sint-Anne, beide stean se earste, mar der is mar ien kampioen. Neidat de KNVB tiisdei bekend makke dat der yn it amateurfuotbal net mear spile wurdt, waard ek bekend dat der gjin kampioenen útroppen wurde. Mar it follybalbûn hat wer wat hiel oars besletten.
Amateurfuotbal
En yn Sint-Anne betsjut dat, dat fuotbalferiening VV St.-Anna dit seizoen gjin kampioen wurdt. Se ha acht punten foarsprong op de nûmer twa Renado yn de tredde klasse. Mar dochs gjin promoasje en gjin titel foar de klup.
De follybalfroulju fan VoVeSa binne lykwols wol útroppen ta kampioen. Se spylje yn de earste klasse fan de regio Noard en moasten noch fiif wedstriden spylje. It follybalbûn docht it oars as it fuotbalbûn. VoVeSa mei promovearje en is kampioen. Al sit in kampioensfeest der net yn.