Beropsmilitêr Louwes is IC-ferpleechkundige yn MCL: "Grutsk dat ik hjir wurkje mei"

01 apr 2020 - 18:34

Ek Definsje is folop yn it spier by it bestriden fan de coronakrisis. By it MCL yn Ljouwert binne fiif beropsmilitêren yn aksje. Ien dêrfan is Roelof Louwes fan Frjentsjer. Hy is troch Definsje detasjearre yn it Ljouwerter sikehûs.

Louwes hat sân kear op missy west, wêrûnder yn Uruzgan yn Afganistan. Dêr hat er wol leard om te gean mei krisissituaasjes en dy ûnderfining komt no by de coronakrisis goed fan pas. "We laten ons niet verrassen door veranderende situaties, dat zit in ons ruggemerg", seit Louwes. Yn hiel Nederlân wurkje op it stuit mei-inoar sa'n 90 militêren as spesjalisearre ferpleechkundigen yn sikehuzen.

Foar it publyk binne de militêren yn it sikehûs net as sadanich werkenber. Se hawwe deselde, ekstra beskermjende, wurkklean oan as elkenien en gjin Nederlânske trijekleur op it skouder. Mar wa't it wit, kin by Louwes sjen dat er militêre 'desertskuon' draacht. Dy skuon binne ek gaadlik foar it wurk yn it sikehûs.

Militêr-ferpleechkundige Folkert - Foto: Omrop Fryslân

Louwes sjocht dizze dagen ek in soad oerienkomsten tusken definsje en soarch: "De mensen in het ziekenhuis zijn enorm flexibel en veerkrachtig. Het aanpassingsvermogen in het MCL is enorm." Sels kin er eins net kieze tusken definsje en soarch en is er bliid dat er as militêr yn it sikehûs wurkje mei, foaral no. "Ik ben trots op defensie, maar ook enorm verknocht aan het MCL."

It MCL kin de tastream fan coronapasjinten goed oan, is syn yndruk. Ek al omdat it sikehûs in langere tariedingstiid hie as de sikehuzen yn Brabân. Foar de perioade nei de coronakrisis hopet Louwes op mear wurdearring foar de soarch én foar Definsje. "Het is iedereen nu wel goed duidelijk geworden, hoe kwetsbaar je bent als de zorg niet op orde is."

Militêr-ferpleechkundige Roelof Louwes fan it MCL

(advertinsje)
(advertinsje)