Drugslab oantroffen yn buorkerij krekt bûten Langwar

01 apr 2020 - 18:19

Yn in buorkerij oan de Pontdyk krekt bûten Langwar is woansdeitemiddei in drugslab oantroffen. Doe't de plysje de ynfal die, is ien fertochte oanhâlden. Eksperts fan de Forinsyske Opspoaring ûntmantelje it lab en dogge ûndersyk nei hokker drugs der produsearre waarden.

Foto: CAMJO Media

It ûndersyk is geande en sil mooglik inkelde dagen yn beslach nimme. De omjouwing is ôfset en wurdt yn de gaten hâlden.

De plysje koe noch gjin fierdere ynformaasje jaan.

Trefwurden: 
plysje Langwar drugslab
(advertinsje)
(advertinsje)