Noardeastlike gemeenten hâlde Wmo- en learlingeferfier oerein yn coronatiid

01 apr 2020 - 17:20

Gemeenten yn Noardeast-Fryslân hawwe yn 'e mande besletten dat it Wmo- en learlingeferfier oerein bliuwe moat. Fanwege de coronakrisis is dat ferfier yn de regio mei mear as 90 persint ôfnommen. Mei gemeentlike stipe kinne de ferfierders de kommende perioade oerein bliuwe. Fan gemeentlik jild wurde dêrom foarskotten betelle oant 80 persint fan it begrutte ferfier.

Foto: Shutterstock.com

De gemeenten binne fia it GR Mobiliteitsbureau opdrachtjouwer foar it Wmo- en learlingeferfier. Under de namme Jobinder wurdt dat ferfier koördinearre, dat is ek de sitrale ynstânsje dêr't minsken ritten by bestelle kinne en dy't de losse ferfiersbedriuwen oanstjoert.

Ferfier falt likernôch stil

Neffens de gemeenten is it Wmo- en learlingeferfier slim ôfnommen. Gewoanwei wurde der eltse dei sa'n 150 Wmo-pashâlders en hast 800 learlingen hinne en wer riden. Dat is no dus mei mear as 90 persint ôfnommen. Dochs binne der noch wol needsaaklike ritten, bygelyks nei de húsdokter, supermerk of nei opfang foar bern fan âlden mei in saneamd fitaal berop. Mar de ferfierders hawwe dêrtroch net in soad ynkomsten, wylst der wol kosten binne.

Needsaak

"Zodra de coronacrisis voorbij is en het dagelijks leven weer wordt opgepakt, is van belang dat ook onze kwetsbare ouderen en andere Wmo-pashouders weer direct mee kunnen doen aan onze samenleving. En ook dat leerlingen weer naar school kunnen gaan", jout Andries Bouwman oan, dy't njonken wethâlder yn Tytsjerksteradiel ek foarsitter fan it GR Mobiliteitsbureau is. "Wij zijn unaniem van mening dat het verstrekken van voorschotten de enige juiste stap is. Als we nu niets doen, zullen onze vervoerders die veelal al jarenlang in deze regio vervoer verzorgen, omvallen." Neffens Bouwman sit der net ien te wachtsjen op in nije oanbesteging.

(advertinsje)
(advertinsje)