Minsken melde har massaal om te helpen yn Fryske sikehuzen

Al sa'n 1.500 minsken hawwe har oanmeld by de Fryske sikehuzen om te helpen by de coronadrokte. Dat seit wurdfierder Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean.
In sikehûsbêd © Shutterstock.com
Fryske sikehûzen binne der net wis fan oft se alle coronadrokte dy't der noch oankomt, oankinne. Se freegje minsken mei ûnderfining yn de soarch, om har oan te melden.
Allinnich al by Tjongerschans ha 500 minsken har oanmeld, seit Daan van den Broek fan it Feanster sikehûs. Ek it MCL yn Ljouwert en it Antonius Sikehûs yn Snits ha elk sawat itselde tal oanmeldingen krigen. It giet net allinnich om soarchmeiwurkers, mar ek om stypjend personiel.
Hoefolle minsken der yn totaal nedich binne, kin Van den Broek net sizze. "Dat is natuurlijk helemaal afhankelijk van hoe deze situatie met de coronaverspreiding zich gaat ontwikkelen."
Minsken dy't helpe wolle, kinne har noch altyd oanmelde by Tjongerschans fia de webside fan it sikehûs.
Daan van den Broek fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean