Fertochte stekpartij Roan Brilstra langer fêst

De 16-jierrige jonge dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan Roan Brilstra út Drachten bliuwt foarearst langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank woansdei besluten. Yn ferbân mei de coronamaatregels wurdt de rjochtsaak foar ûnbepaalde tiid oanhalden, mei in maksimum fan trije moanne.
Rjochtbank Noard-Nederlân yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De ynhâldlike behanneling stiet foar 28 maaie op de aginda. Dan komt de 16-jierrige fertochte fan De Gordyk foar. In 14-jierrige fertochte sit net mear yn hechtenis. Hy wurdt fertocht fan it meinimmen fan it stekwapen en tarieding fan berôving. Hy mei thús de rjochtsaak ôfwachtsje.

Stekwapen

De 16-jierrige fertochte mei dit net, fanwege de skokte rjochtsoarder en de earnst fan it feit dêr't hy fan fertocht wurdt. De Gordykster wurdt njonken deaslach op de 16-jierrige Brilstra ek noch fertocht fan it treffen fan tariedingen op berôving.
Hy en de oare fertochte soene mei opsetsin in stekwapen by harren hân hawwe om it te brûken by in berôving. Se soene earder op de jûn al twingend jild frege hawwe oan twa jonges, wêrûnder it lettere slachtoffer. Se ha doe gjin jild krigen.

Konfrontaasje

Letter op de jûn troffen de jonges mekoar yn de binnenstêd fan Drachten foar kafee Pietje Bel. Dêr rûnen de emoasjes heech op. De twa jonges foelen de eardere belagers fan achteren oan en mishannelen harren. By dy konfrontaasje waard Brilstra deadlik troffen.
De 15-jierrige freon fan it slachtoffer is hjiroer ek as fertochte heard. Oer him nimt it IM letter in beslút.
Parse-offisier fan Justysje Jolanda Brontsema en boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân oer de saak