Tsien wiken sel foar Ljouwerter 'coronadriger'

01 apr 2020 - 16:11

De plysjerjochter yn Assen hat in 21-jierrige man út Ljouwert feroardiele ta in selstraf fan tsien wiken fanwege bedriging. De fertochte moast foarkomme om't er drige hie mei in coronabesmetting en mei flybjen. De Ljouwerter is fia it fluchrjocht feroardiele. It fonnis is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De feroardielde, in dakleaze man, woe op 20 maart in sliepplak yn de nachtopfang yn Ljouwert. Fanwege de corona-útbraak jilde dêr strangere maatregels, sa as it fûillearjen by de doar. Hy woe dêr net oan meiwurkje en beflibe de portier. De man waard troch de plysje meinaam nei it plysjeburo, mar ek dêr wurke er tsjin en drige er mei corona. Hy biet in plysjeman yn 'e finger.

De Ljouwerter is faker feroardiele foar bedrigingen. Yn jannewaris krige er trije wiken sel foar it bedriigjen fan plysjes en in meiwurker yn it iepenbier ferfier.

De fertochte wie net oanwêzich by de behanneling fan syn saak. Syn advokaat die de ferdigening fia in fideoferbining.

Parserjochter Marcel Wolters en direkteur Wim Kleinhuis fan de Fryske Veiligheidsregio oer de saak

(advertinsje)
(advertinsje)