Fries Museum wol nij fotomystearje úntraffelje mei help fan publyk

01 apr 2020 - 15:26

It Fries Museum mei dan oant en mei 1 juny ticht wêze, mar ûndertusken giet it wurk troch. Sa freget se no help fan it publyk by it ûntraffeljen fan in nij fotomystearje. Minsken kinne online meihelpe.

Yn febrewaris fan dit jier begûn it museum online en fia Historisch Tijdschrift Fryslân in ûndersyk nei in grutte fotokolleksje fan 74 glêsnegativen. It Fries Museum krige dy al yn 2001. It giet om foto's fan de tiid noch foar de Earste Wrâldoarloch. Der binne manlju, froulju en bern op te sjen, yn 'e iepen loft. Mar wa wiene dat? Wêr komme se wei?

Foar de antwurden skeakele it museum de help yn fan it publyk. In oprop oan minsken die fertuten. Al gau wie fan de helte fan de 74 negativen dúdlik wat der op te sjen is. Sa waard in buorkerij op de foto's fûn yn Ypekolsgea en is dúdlik wurden dat boeresoan Sjerp Tromp de foto's makke. Hy die dat yn de earste helte fan de 20e iuw.

Met nieuwe informatie kan een verloren verleden tot leven gebracht worden en wordt het belangrijk cultureel en maatschappelijk erfgoed.

Marlies Stoter

Marlies Stoter, as konservator ferantwurdlik foar de fotokolleksje fan it Fries Museum, is út de skroeven mei de nije ynformaasje. "Begin 20e eeuw konden steeds meer particulieren de wereld vastleggen. Maar zonder context zijn de foto's eigenlijk waardeloos. Met nieuwe informatie kan een verloren verleden tot leven gebracht worden en wordt het belangrijk cultureel en maatschappelijk erfgoed."

Noch net alle mystearjes binnen ûntraffele en dêrom kinne minsken fia in spesjale webside op 'e nij helpe. It nije mystearje giet oer foto's fan de famylje fan Daniël Draaisma (1867-1931). Hy wie yn in fier ferline in 'amanuensis', oftewol assistint fan it Fries Museum.

(advertinsje)
(advertinsje)