Fryske Europarlemintariër: "Wol solidêr, gjin Eurobonds"

Eurobonds útjaan is en bliuwt in min idee. Mar Nederlân moat wol better útlizze dat der help komt foar lannen as Itaalje, Spanje en Portugal. Dat is de reaksje fan Europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea, dy't foar de VVD yn it Europarlemint sit. Neffens him is it fan grut belang dat wy no de holle koel hâlde.
Jan Huitema © Omrop Fryslân, René Koster
De lêste dagen binne de spanningen yn Europa heech oprûn. Itaalje en noch in oantal oare lannen yn Súd-Europa fine dat Nederlân him kil en wreed opstelt, omdat minister Hoekstra betingsten steld hat oan finansjele help oan de lannen dy't no swier troffen binne troch de coronakrisis. Dy lannen wolle dat der saneamde Eurobonds komme. Dat betsjut dat de rikere lannen lykas Nederlân en Dútslân garant stean foar lieningen fan de súdlike lannen.

Ferantwurdlik

"Ik bin wol entûsjast oer dat we solidêr wêze moatte, om der alles oan te dwaan om it firus te bestriden, mar dat kin ek op oare manieren as mei Eurobonds. Ast dit no talitst, witst net wêr't it einiget", seit Huitema. "Wy fine dat as je bepaalde skulden oangean, je dan ek sa ferantwurdlik wêze moatte om de skulden ek op in goede manier wer werom te beteljen."

Finansjele stipe

Huitema sjocht sels wol oare oplossingen. "Der binne wol oare manieren om solidêr te wêzen mei oare lannen. Dat bart no al: Dútslan nimt pasjinten oer út Nederlân, Frankryk hat al in soad stipe jûn, bygelyks mûlekapkes. Dat hat Dútslân ek dien nei Itaalje en Frankryk. We binne no oan it sjen hoe't we ek finansjeel stipe jaan kinne."
Yn syn fraksje yn it Europeeske Parlemint wurdt Huitema net persoanlik oansjoen op de strange hâlding fan Hoekstra, mar fia oare fraksjeleden krijt hy wol mei dat der wjêrstân is by de befolking fan de oare lannen, bygelyks by dy fan Itaalje.
Dochs neamt Huitema it 'in grutte misfetting' dat Nederân gjin stipe jaan wol. "Nederlân stiet wol deeglik iepen foar stipe, ek finansjele stipe. Mar yn alle gefallen net troch it útjaan fan Eurobonds. Dêr binne we wol op tsjin."

Ein fan de Uny?

Der binne al minsken dy't benaud binne dat de coronakrisis de ein betsjut fan de Europeeske Uny, omdat de noardlike en de súdlike lannen der net mei-elkoar útkomme. De krisis is ommers noch mar kwealik oan de gong en de lannen hawwe al iepentlik spul mei-elkoar.
Mar Huitema is it dêr net mei iens. "Dat seachst ek yn de kredytkrisis fan 2008. Uteinlik is de Europeeske Uny dêr sterker útkommen."
Jan Huitema