Roze Zaterdag yn Ljouwert skrast troch coronakrisis; wurdt no jier letter

01 apr 2020 - 13:29

Roze Zaterdag yn Ljouwert giet dit jier net troch yn ferbân mei de coronakrisis. It lanlike evenemint soe 20 juny wêze en der soenen 20.000 minsken komme. It wurdt no ferpleatst nei takom jier.

Foto: Omrop Fryslân

De maatregels foar eveneminten jilde offisjeel oant 1 juny, mar foar de organisaasje is it risiko te grut dat ek eveneminten nei dy datum ferbean wurde. "Er werd goed overleg gepleegd en in gezamenlijk overleg hebben we besloten het risico niet aan te gaan", seit Margot Hoiting, fan de organisaaje yn Ljouwert.

De Roze Zaterdag wurdt no ferpleatst nei takom jier. "Dit betekent dat al ons voorbereidende werk niet voor niets is geweest", fynt Hoiting.

Offisjeel is Rotterdam al oanwiisd as gaststêd foar 2021, mar dat wurdt no dochs efkes oars. Hoiting leit út: "Roze Zaterdag Landelijk heeft gezegd: 'Maken jullie je daar maar niet druk over'. We gaan het nu volgend jaar organiseren in Leeuwarden en hoe het verder gaat met Rotterdam, dat gaat de stichting Roze Zaterdag Landelijk overleggen met Rotterdam."

Moeting, feestlikheid en sichtberens

Yn it wykein fan 20 juny soene allegear aktiviteiten hâlden wurde, rjochte op moeting, feestlikheid en sichtberens. Yn it programma fan Roze Zaterdag stienen ûnder mear in oekumenyske tsjinst en in ludike parade.

Roze Zaterdag ûntstie yn 1977 as in Nederlânske ferzje fan de Gay Pride Parade, ynearsten mei in demonstratyf karakter. Op 't heden is Roze Zaterdag in tema- en feestdei.

Margot Hoiting fan de organisaasje fan Roze Zaterdag

(advertinsje)
(advertinsje)