Zorgbelang begjint meldpunt foar fan soarch ôfhinklike minsken

01 apr 2020 - 12:48

Zorgbelang Fryslân is mei in meldpunt begûn foar minsken dy't fan soarch ôfhinklik binne. It is bedoeld om positive en negative ûnderfinings te dielen. De druk op de soarch is hiel grut op dit momint, troch de corona. Soarchferliening wurdt yn oanpaste foarm oanbean.

Foto: Omrop Fryslân

Dat hat neffens Zorgbelang impact op minsken dy't soarch krije. Neffens har is it wichtich dat minsken melde wannear't soarch echt net foldwaande is. Dat kin de organisaasje dan diele mei oanbelangjende soarchynstânsjes. De sinjalen binne op anonime basis. Doel is om yn kaart te bringen oft de soarch yn Fryslân noch foldwaande tagonklik is en de kwaliteit goed bliuwt.

Net allinnich klachten binne wolkom, ek positive ferhalen en ûnderfinings. As der bygelyks moaie kreative oplossings fûn wurde by problemen mei de soarch, dan kinne dy ek trochjûn wurde. Sa kinne oaren der miskien harren foardiel ek mei dwaan seit Esther de Vrij, direkteur fan Zorgbelang.

Zorgbelang is te berikken fia de mail (info@zorgbelang-fryslan.nl) of fia 085-4832433 (09.00-13.00 oere).

Mear ynformaasje is te finen op www.zorgbelang-fryslan.nl/corona

(advertinsje)
(advertinsje)