Lokale omroppen yn finansjele problemen troch coronakrisis

01 apr 2020 - 12:41

De takomst fan de lokale omroppen stiet faai. Troch finansjele swierrichheden driigje in soad kopke ûnder te gean. Direkteur Marc Visch fan de oerkoepeljende organisaasje foar lokale publike omropen NLPO ferwachtet dat oer inkele moannen leafst 20 persint fan de lokale omroppen mei alle aktiviteiten ophâlde moat.

Lokale omroppen binne neffens Visch foar it grutste part ôfhinklik fan lokale advertearders. "As dy no fuortfalle as gefolch fan it coronafirus, dan hâldt it op", seit Visch. "Lokale omroppen ha net in soad finansjele reserves. It jild dat no binnenkomt moat der takom moanne wer út."

Yn it suden fan it lân binne de gefolgen al sichtber. Dêr driigje guon om te fallen om't se ynkomsten misrinne. Visch: "En krekt dêr sjogge je ek dat it ferlet fan ynformaasje grut is. Se meitsje ekstra útstjoeringen, mar misse de finansjele middels om't de advertearders fuortfalle."

"Advertearders bliuwe ús trou"

Foarsitter Marco Keizer van RTV NOF kin goed fernimme dat der ferlet is fan ynformaasje: "Us webside wurdt goed besjoen. We binne fan 60.000 views nei 100.000 gien. Dan witte je dat der ferlet is. We dogge ek wat ekstra's mei op sneontejûn in stapjûn op de radio en sneins in tsjerketsjinst."

Keizer ken him werom yn de problemen dêr't oare omroppen tsjinoan rinne: "Lokkich ha we noch in bytsje fet op 'e bonken, mar dit moat gjin twa moanne duorje. De fêste advertearders bliuwe ús noch trou, mar it slagget no net om nije advertearders te finen. Yn in tiid dat we krekt ekstra jild nedich ha om te profesjonalisearjen, komt dat ferhipte min út."

No just ferlet fan lokale omroppen

NLPO-direkteur Visch neamt it yn dat ramt ekstra soer dat it Ryk krekt hast trije miljoen euro beskikber steld hat oan 20 lokale omroppen yn ús lân om te profesjonalisearjen. Yn Fryslân binne sawol RTV NOF as Leo Middelsé Leeuwarden útkeazen oan dit pilot-projekt mei te dwaan.

Marco Keizer, foarsitter RTV NOF - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Neffens Visch binne just no lokale omroppen nedich om boargers op de hichte te hâlden fan lokale gefolgen fan it coronafirus en it ynskeakeljen fan frijwilligers om help te bieden. "Dizze krisis lit dúdlik sjen hoe kwetsber de finansjele posysje fan lokale omroppen is. Op in begrutting fan twa-en-in-heale ton moat RTV NOF 70 persint sels opbringe. Dat wurdt no hiel dreech. Seker no't dizze omrop yn it ramt fan dat profesjonalisearringsprojekt minsken yn tsjinst naam hat."

Minister Slob fan ûnderwiis en media komt tongersdei nei alle gedachten mei in pakket oan maatregels dy't mediabedriuwen finansjeel troch de krisis helpe moat.

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)
(advertinsje)