Noed by Izore oer behâld fan kwaliteit by flink mear testen

01 apr 2020 - 12:31

It tal testen op korona sil fan nije wike ôf útwreide wurde. Dat hat minister De Jonge tiisdei bekend makke. Op dit stuit is de kapasiteit 4.000 deis, dat sil ein dizze moanne 29.000 wêze. Doel is dat minsken yn de soarch dy't mei kwetsbere groepen wurkje, mear test wurde.

Arts en microbiolooch Anne-Marie van Elsacker - Foto: Izore

Hoe en wat moat noch krekt bepraat wurde, mar ien ding is wol belangryk fynt dokter-mikrobiolooch Anne-Marie van Elsacker fan medysk laboratoarium Izore. "We kunnen de testcapaciteit uitbreiden maar wel met behoud van kwaliteit." Neffens de minister soenen der mear laboratoaria bykomme.

Fan 4.000 nei 29.000 testen is enoarm. "Ik maak me wel zorgen want we moeten ook kijken of de test bij de patiënt past, of de uitslag klopt. Hoe meer testen je doet, hoe minder je kunt controleren. Er zijn grenzen aan wat je moet willen doen om een betrouwbare uitslag te houden."

By Izore meitsje se al lange dagen, ek om útslaggen oan sikehûzen trochjaan te kinnen. "Ze moeten weten waar een patiënt heen moet bij een verdenking. We doen het nog net niet 's nachts, maar wel 's ochtends vroeg en de laatste die het lab verlaat, gaat om half één 's nachts het pand uit."

Anne-Marie van Elsacker

(advertinsje)
(advertinsje)