GGD: gjin nije stjergefallen yn Fryslân

01 apr 2020 - 12:20

GGD Fryslân hat de ôfrûne 24 oeren gjin meldingen krigen fan nije stjergefallen troch it coronafirus. Der binne wol wer 12 nije besmettingen konstatearre. Dat de GGD gjin meldingen krigen hat fan stjergefallen, wol net sizze dat der net minsken ferstoarn binne oan it firus. Dy ynformaasje komt pas letter by de GGD.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

"De 12 positieve gevallen betreffen zorgverleners en mensen uit kwetsbare groepen. We verwachten nog wel een sterke toeloop nu het testbeleid landelijk zal worden uitgebreid, waardoor ook meer zorgverleners zullen worden getest", seit Margreet de Graaf fan de GGD.

It is neffens har dreech om in foarsizzing te dwaan oer wat dat betsjut foar de sifers fan it tal besmettingen. Wol ferwachtet De Graaf dat it sifer omheech gean sil.

Foardielen testbelied

By de GGD is men ûnderwilens drok dwaande it nije testbelied dat minister de Jonge juster oankundige, yn te fieren. De Graaf: "Het voordeel is dat het aantal besmette zorgverleners sneller zal blijken. En ook dat bijvoorbeeld zorgverleners die een verkoudheid hebben, maar negatief getest zijn, weer aan de slag kunnen."

De Graaf ropt de minsken op om harren ek tidens de peaskedagen oan de regels te hâlden. "Inmiddels zie je ook in Friesland hoe goed mensen zich aan voorschriften houden en dat iedereen snapt waarom we dat moeten doen. Anderhalve meter afstand houden werkt vertragend in de verspreiding van het virus. We hebben genoeg ruime en rustige plekken in de provincie om de paasdagen door te brengen."

Margreet de Graaf fan de GGD

(advertinsje)
(advertinsje)