Drachtster sjauffeur (21) komt om by slim ûngelok yn België

01 apr 2020 - 11:42

De Nederlânske sjauffeur dy't tiisdei om it libben kaam is by in slim ûngelok yn België, is in man fan 21 út Drachten. Dat hat syn wurkjouwer Van der Werff Logistics fan It Hearrenfean befêstige.

Foto: Google Maps

Neffens de Gazet van Antwerpen barde it ûngelok op de autodyk fan Antwerpen nei Breda. De frachtweinsjauffeur ried yn op in oare frachtwein, dy't stilstie yn in file dy't ûntstien wie troch kontrôles oan de grins yn ferbân mei de coronakrisis.

Neffens de Belgyske krante is de Drachtster op it plak fan it ûngelok ferstoarn. In oare sjauffeur rekke swier ferwûne. By it ûngelok op de E19 by it Belgyske Meer wiene yn totaal fjouwer frachtweinen en in bestelwein belutsen.

(advertinsje)
(advertinsje)