Man slim ferwûne troch brân en fjoer yn reid fan Rottige Meente

01 apr 2020 - 11:17

Yn koarte tiid moasten de helptsjinsten yn Fryslân tiisdei twa kear op in melding ôfkomme fan in brân. Yn Twizel rekke in man slim ferwûne doe't hy ôffal oan it ferbrânen wie, en tiisdeitejûn wie yn natuergebiet De Rottige Meente in stik reid yn de brân flein.

Foto: De Vries Media

By in wenning oan de Egypte yn Twizel rekke in man slim ferwûne doe't hy ôffal oan it ferbrânen wie. Troch noch ûnbekende oarsaak fleach de man sels yn de brân.

De helptsjinsten kamen manmachtich op it ûngelok ôf. It slachtoffer is nei it Martinisikehûs yn Grins brocht. Underweis ha ferplegers fan de traumahelikopter de man behannele.

Foto: ProNews

Yn it natuergebiet De Rottige Meente tusken Wolvegea en Skerpenseel wie ek brân: in stik reid wie yn de brân flein. De brânwacht hie it dreech om by it fjoer te kommen, mar koe de brân úteinlik útkrije.

Der wurdt op dit momint reid ferbrând yn it gebiet: mooglik is dat net goed útmakke.

Trefwurden: 
brân Twizel Rottige Meente
(advertinsje)
(advertinsje)