Cambuur-directeur Ard de Graaf tinkt dat útspyljen seizoen dreech wurdt

01 apr 2020 - 09:36

Hoe komt it mei de ein fan it seizoen yn it betelle fuotbal foar bygelyks SC Cambuur, koprinner yn de earste difyzje? Woansdei komt der mooglik mear dúdlikheid oer. Fuotbalbûn KNVB set alles op alles om de kompetysje noch ôf te wurkjen, mar amateurfuotballers komme dit seizoen al net mear yn aksje en dat driget no ek foar de profs. De kompetysje leit stil oant 1 juny; alle wedstriden dêrnei noch spylje wurdt neffens Cambuur-direkteur Ard de Graaf hiel dreech.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de earedifyzje moat bygelyks SC Hearrenfean noch acht kompetysjewedstriden spylje, yn de earste difyzje moat Cambuur noch njoggen kear yn aksje komme. Foar de Ljouwerters stiet der in soad op it spul. De ploech is koprinner, dus wat bart der as de kompetysje net mear útspile wurdt?

Dat lêste is noch altyd net dúdlik en dat sil ek noch wol efkes ûnwis bliuwe. Earst moat nammentlik mar ris dúdlik wurde wat der no mei de kompetysje barre sil. Wurdt der noch fuotballe nei 1 juny?

"Ik hoop na de meeting tussen alle voetbalbonden op duidelijkheid. Want daar zijn we nou wel eens aan toe", stelt De Graaf. "Duidelijk was voor ons al dat we tot 1 juni niet zouden voetballen. Wedstrijden zijn namelijk vergunningsplichtige evenementen. Maar door de maatregelen die nu tot en met 28 april gelden, weten we dat we tot die tijd ook sowieso niet kunnen trainen."

"Haalbaar en wenselijk?"

Traine yn maaie, fuotbalje yn juny; dat soe dus kinne. "In theorie wel, ja", seit De Graaf. "Maar je moet je afvragen of dat wel haalbaar en wenselijk is. Het punt is inmiddels wel bereikt dat je je kunt afvragen of je het nemen van een besluit moet blijven rekken en over voetbal moet blijven praten."

De Graaf wol dat er gau dúdlikheid komt. "Er is in voetballend Nederland steeds meer het gevoel van: zet er maar een streep onder, reken af en start na de zomer opnieuw."

Cambuur-direkteur Ard de Graaf:

(advertinsje)
(advertinsje)