Iephof toant tankberens mei coronaflagge

01 apr 2020 - 09:28

"Foar tankberens, bemoediging en dat we allegearre de soarch mei inoar diele", mei dizze wurden waard tiisdei de reade coronaflagge hyst yn Burgum. By it senioarekompleks Iephof kamen wat bewenners by inoar foar dizze symboalyske aksje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Willem de Vries praat mei wat bewenners

Mei in applaus foar de helpferlieners en de bewenners is de flagge ophongen. De bewenners wolle har tankberens sjen litte oan it personiel en de help dy't se elkoar biede.

"Alles wurdt trije kear deis skjinmakke en dat fine we geweldich", fertelt ien fan de bewenners. "Ik fyn it tryst foar dy âlde minsken dy't achter de ruten sitte. Se moatte mar ôfwachtsje oant ien delkomt en de hân opstekt."

"Dat de bern net mear komme meie, dat fyn ik slim. Wy moatte ús holle derby hâlde en hoopje dat it gau oergiet. It is rêstich yn it hûs, we komme net by elkoar yn de hûs. It is hiel stil op de gong."

(advertinsje)
(advertinsje)