Kollum: "Reprize twa"

"Hoe't je it ek wende en keare, je binne op 't heden mear allinne as dat je oars binne. Dat is it meast sneu en hurd foar âldere minsken, mar dy hearst net. Inkeld dejingen, dy't oars heechút ien kien kear yn de moanne by heit of mem komme. Dy seure, hiere in heechwerker om efkes nei heit te swaaien of tútsje mem troch it iepen rút. Dat is foar it oare itselde as in deafonnis tekenje. No ja, dat soe kinne.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
As je mear allinne binne, ha je tiid om goed nei te tinken. En ferstannich praat te hawwen. Moai sein, mar it wurket net. De baarlike nonsens, dy't minsken op 't heden útkrame, litte je winskje dat elk wer gau oan it wurk kin. Sa sil der hjoed in goarre oan goare 1 aprilgrappen oer de sosjale media streame. Dat komt ek om't de lju noch aardich fleurich binne, mar dat hâldt heal april wol op.
It duorret foar it gefoel noch langer, om't wy no ien kear it poldermodel ha. We haffelje allegear mei. Eins soenen je yn sa'n krisis better yn Sina of Ruslân wenje kinne. Ien dy ropt wat en dat is it belied. Al kin dat ek wer net altyd, want soms is dat it belied wêr't de heechste politike bazen en rike ûndernimmers sels it measte belang by ha.
By ús docht my lykwols dat ivige analysearjen echt sear. Ja, it kin lang duorje en ja, it kin ek wol koarter duorje. Dat witte we net, we sjogge it wol. Aldehoer dêr net sa oer. Dat jout de lju wer alle romte der út te fiskjen wat oan har eigen pessimistyske of optimistyske ynslach beänderet.
Dan giet it net inkeld oer de corona, de sykte, mar ek oer alles wat we no oars dogge of dwaan moatte. It soe altyd goed wêze om de hannen ris te waskjen. En dat domme gedoch fan oates en toates elk de hân te skodzjen, hâld se yn de bûse. It is hielendal net frjemd om wat faker thús te bliuwen. Bern witte wer wat spultsjes binne, heit lêst wer in boek.
Elkenien mei nei de winkel, mar it is moai rêstich yn de buorren, want je hoege nearne mear hinne. Je hoege net altyd by elkoar oan de kofje te sitten, yn de kroech. Of op fakânsje fier fuort. Dat auto's en fleantugen minder funksjonearje skeelt moai wat stikstof. Lit de boeren dat dan mar brûke, se binne no oan it jarjen en kinne toch net mei de trekker nei Den Haag. En wy fleane de wrâld net mear yn om elk skytwissewasje. Moai Skype mei de sjef yn Yndia, kin ek wol.
Soks leare bedriuwen yn Nederlân no ek. Thús wurkje. De wrâld oan ynternetgedoch sil de nije ekonomy stypje. We moatte fansels ta, merke we no ek, op in folle hechtere ekonomy. Dat is no in glêzen hûs wat by it earste coronasuchtsje yn elkoar soademiteret.
Wat we no ek leare dat we fierstente yndividualistysk wiene. Ik ek. Der binne allerhande groepen minsken dy't no yn it ferhef komme. Dizze maatregels kinne wy neat mei want.. Legio. As je dêr dy goede tinzen ris oer gean litte soenen: hoe kinne je soks aanst better dwaan.
Dat better meitsjen hoege je net te oerdriuwen. De lju dy't aanst begjinne te roppen dat we der 5000 IC-bêden by ha moatte doge ek net, want dit is unyk. In oare kear komt der wer in oare ramp of pandemy, en dan moatte we wer oars.
Al dy ferstannich thús sittende en hanwaskjende yndividuen dreame dat it aanst better gean sil. Mar we moatte earlik wêze: Al dy jongeren dy't by elkoar hokjen en sûpen bliuwe. Al dy thúswurkers dy't noch minder dogge as op it bedriuw mei in kofjeapperaat. Al dy strân- en boskrinners dy't dêr de file sa leuk fine. Al dy lju mei smoarge fize hannen. De mearderheid wurdt ôfgeunstich op dy minderheid. 'Dat docht hy toch ek, dan kin ik der ek wol hinne. Der komt dochs in ferpleechster by heit, dan kin ik toch ek wol'.
Dus, dream allegear mar in pear moanne troch. Der sil echt yn maaie of juny wol neat feroarje. Wy binne net oars."