Wurkjouwersorganisaasje: "Kop derfoar en skouders derûnder"

01 apr 2020 - 07:51

De ferlinging fan de maatregels fanwege de coronakrisis oant 28 april komme foar foarsitter Hans de Boer fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW net ûnferwachte. Eins hie hy ferwachte dat it oant en mei de maaiefakânsje duorje soe. De ekonomyske gefolgen binne grut. Wurkjouwers sjogge alfêst foarsichtich foarút nei ein april, om bygelyks de hoareka wer wat op gong te krijen.

Hans de Boer - Foto: VNO/NCW

"Miskien kinne we gas byjaan yn guon sektoaren. In wike lyn ha we in protokol makke fan ferantwurd winkeljen, miskien kin der in protokol komme fan ferantwurde op in terras sitte of nei in restaurant gean, mar dan moat ein april net tsjinsitte. Mar miskien kinne we wer wat oan de gong mei de swier troffen sektoaren, it is in drama op dit momint."

Hy hat in soad kontakt mei ûndernimmers út bygelyks de transportsektor dy't bûten de stiperegeling falle. "We binne dwaande mei it kabinet om de maatregels oan te passen. Sûne bedriuwen moatte net omfalle. As yn de praktyk blykt dat net slagget, dan lûke we oan de belle. Ik krij alle dagen wol hûndert appkes binnen, op kantoar binne dat wol tûzen mei de fraach oft we wat dwaan kinne. Mar as Nederlân it net rêdt, dan rêdt net ien it. We ha in sterke ekonomy en in goede beurs. We moatte de kop derfoar hâlde en de skouders derûnder."

Hans de Boer

(advertinsje)
(advertinsje)