Skoallen langer ticht: "Bern misse foaral sosjale kontekst om mei elkoar te learen"

01 apr 2020 - 07:39

It kabinet hat de maatregelen, dy't naam binne om it coronafirus ûnder kontrôle te krijen, mei trije wiken ferlinge. Dat betsjut dat oant en mei 28 april de skoallen ticht bliuwe. Op skoallen wurdt de sitewaasje alle dagen dreger. Guon skoalgebouwen ha de doarren noch iepen, as needopfang, foar de bern fan âlden dy't bygelyks yn de soarch wurkje, of yn de supermerk.

In lege skoalklasse - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Der komme hieltyd mear fan sokke bern, seit Albert Helder, fan skoalkoepel Proloog mei 24 skoallen, wylst der hieltyd minder personiel is om dy bern op te fangen.

"Yn de earste wike wie der foaral ferwûndering, doe kaam it thúsûnderwiis yn de twadde wike op gong, mar de krisis nimt ta en we moatte no in goede balâns fine," seit Albert Helder. "It thúsûnderwiis soarget ek foar druk by âlden."

Fan de 24 lokaasjes hat Proloog 19 iepen foar needopfang. "We kieze derfoar om dat lytsskalich te dwaan omdat we ek ôfstân hâlde moatte, dus we sitte mei 7 bern en 2 folwoeksenen op in plak." Hy fernimt dat de druk tanimt en dat der mear ferlet is fan opfang. "Ek moatte we de kwetsbere bern yn kaart bringe en har in feilige sitewaasje biede. Ljouwert hat in soad bern yn achterstânswiken en dy ha eins gjin romte om te learen."

Hy is tefreden mei de nije maatregels. "Dan ha we noch trije wiken om troch te bouwen en balâns te sykjen. Bern misse foaral de sosjale kontekst om mei elkoar te learen en te boartsjen. Skoallen binne goed dwaande om de stof en ynhâld oars del te setten. We moatte no leare om yn blokjes te tinken fan in pear wiken. We witte net hoe't it fierder giet."

Albert Helder fan Proloog

(advertinsje)
(advertinsje)