Liveblog | 1 april 2020

Coronanijs 1 april: Eilânboargemasters wolle gjin toeristen mei Peaske

Folgje hjir it lêste nijs oer it coronafirus yn Fryslân.
Lêst bywurke: 8 april 2020, 11:41
woansdei 1 april 2020
23:02

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog fan woansdei 1 april oer de coronakrisis. It wichtichste nijs fan dizze dei op in rychje:
22:58

Eilânboargemasters wolle gjin toeristen

De boargemasters fan de fiif Nederlânske Waadeilannen hoopje dat der mei de Peaske gjin toeristen nei de eilannen komme. Dat seit boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach. Earder diene de boargemasters al de oprop om net mear te kommen fanwege de coronakrisis. It kabinet hat tiisdei de coronamaatregels ferlinge oant 28 april.
Van Gent wol dêrom it leafst gjin toeristen talitte ta de eilannen. "Dat is heel moeilijk en voor onze ondernemers bijzonder lastig, maar op dit moment gaat toch de volksgezondheid voor en staat het bestrijden van dat nare virus voorop. Daar moeten we heel veel voor laten, dat is hartstikke vervelend, maar het is nu even niet anders."
Boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
22:08

Digitale riedsgearkomste beëinige

It wie de bedoeling dat de gemeenteried fan De Fryske Marren woansdeitejûn in digitale riedsgearkomste hâlde soe, fanwege de coronamaatregels. Dat pakte lykwols noch net hielendal goed út, want fanwegen technyske problemen moast der in ein makke wurde oan de gearkomste. "Volgende keer beter," lit boargemaster Fred Veenstra op Twitter witte.
21:53

Fergeze besoarchservice mei elektryske auto's

Undernimmers komme yn dizze tiden fan corona mei hieltyd kreativere oplossingen om dochs oan it wurk te bliuwen. Sa as yn Grou dêr 't in hanneler yn elektryske fytsen en auto's dy no ynset as fergeze besoarchservice yn de binnenstêd fan Ljouwert.
Fergese besoarchservice
21:50

De Fryske Marren wol 'befrijingssubsydzje' werom

Ferieningen en stichtingen yn De Fryske Marren dy't harren aktiviteiten om 75 jier befrijing hinne skrast ha fanwege de coronakrisis, moatte de gemeentlike subsydzje werombetelje. Dat skriuwt de gemeente yn syn nijsbrief. Boargemaster en wethâlders hawwe besletten dat inisjatyfnimmers fan eveneminten dy't ferskood wurde, de subsydzje wol hâlde meie. Mar as in aktiviteit hielendal skrast wurdt, moat de ûntfongen bydrage ynlevere wurde. As der al kosten makke binne, dan moatte de inisjatyfnimmers kontakt opnimme mei de gemeente. Der kin dan besjoen wurde oft dy noch ferrekkene wurde kinne.
20:53

Frankryk ek boppe 4.000 coronadeaden

Frankryk is it fjirde lân mei mear as 4.000 coronadeaden. It tal gie dêr yn ien dei omheech mei 509 nei 4.032. Yn Italië, Spanje en Amearika binne der ek al minstens 4.000 minsken ferstoarn troch it coronafirus.