Provinsje stekt miljoenen yn fûgels en fisken yn it Waadgebiet

31 mrt 2020 - 23:41

Deputearre Steaten fan Fryslân lûke 1,3 miljoen euro út foar it inisjatyf Wij & Wadvogels fan fûgelbeskerming Nederlân. Boppedat giet der 75.000 euro nei in projekt om de fiskstân yn de Waadsee te ferbetterjen.

In sendere mients - Foto: Foto Benjamin Gnep

Wij & Wadvogels is in projekt fan Vogelbescherming Nederland, dat der dêrmei foar soargje wol dat fûgels better libje kinne yn it Waadgebiet. Dêrby is der ek each foar de minsken dy't yn it gebiet wenje, wurkje en rekreëarje. Mei it jild dat Deputearre Steaten beskikber stelle, kin nije romte makke wurde foar de fûgels dy't ôfhinklik binne fan it Waadgebiet. Tink dêrby oan stikken lân dy't geskikt makke wurde as bried- of foerazjeargebiet.

UNESCO

It Waadgebiet is it belangrykste 'getijdengebiet' yn Noardwest-Europa en stiet op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. Yn it gebiet wurdt in soad rekreëarre en dat byt geregeld mei it krewearjen om de natoer te beskermjen. Boppedat giet de seespegel omheech troch klimaatferoaring en der wurdt ek noch fiske en libbe.

Yn it projekt Wij & Wadvogels is ek romte foar foarljochtingskampanjes. Bewenners en toeristen moatte har bewust wurde fan hoe't sy fan it gebiet genietsje kinne sûnder dat de fûgels dêr al te folle lêst fan hawwe.

Effektive maatregels

Boppedat wol de fûgelbeskerming mei it projekt mear kennis opdwaan. Se ûndersykje hoe effektyf oft de maatregels binne dy't it gebiet beynfloedzje en gegevens fan beskermingsmaatregels wurde analysearre.

'Swimway'

Deputearre Steaten meitsje ek noch maksimaal 75.000 euro frij foar de Waadferiening. Dat jild giet nei it projekt Swimway: in mearjierrich ûndersyksprojekt dat mear ynsjoch jaan moat oer hokker maatregels de fiskstân yn de Waadsee opknappe kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)