Buma oer ferlinging fan maatregels: "Het wordt een lange maand"

31 mrt 2020 - 22:24

It wurdt noch in drege moanne. Dat is de reaksje fan Sybrand Buma, boargemaster fan Ljouwert en foarsitter fan de Veiligheidsregio Fryslân. Hy reagearret op de ferlinging fan de maatregels fan it kabinet oant 28 april. "Het wordt niet gemakkelijk, het wordt een lange maand. Maar we weten waarom we het doen."

Sybrand Buma - Foto: ANP

Want as we út dizze krisis komme wolle, dan moat it tal besmettingen beheind wurde, seit Buma. "En dat kan alleen als we ons aan de regels houden."

Ljocht oan de ein fan de tunnel

It wurdt neffens Buma foar elkenien dreech. "Voor al die bedrijven die omzet willen draaien, voor kinderen die weer naar school willen, voor ouderen die weer bezoek willen hebben." Mar hy is ek optimistysk: "Er is licht aan het einde van de tunnel. En dat wordt alleen maar mooier zo lang we ons houden aan de afspraken die we hebben: anderhalve meter afstand en zoveel mogelijk thuisblijven."

Dy rjochtlinen wurde yn Fryslân oer it algemien goed neilibbe, seit er. "Afgelopen weekend was spannend, maar het is heel goed gegaan. Hier en daar zijn er wat incidenten geweest." Under oare op De Lemmer hold in groep jongerein in thúsfeest. Sy binne beboete. "Maar over het algemeen beseft de Friese bevolking dit samen moet doen."

Sybrand Buma

Trefwurden: 
Sybrand Buma coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)