Amateurfuotbal wurdt net mear ôfmakke, ek gjin kampioenen: "Hiel sneu"

It seizoen yn it amateurfuotbal wurde net mear ôfmakke. Dat hat de KNVB bepaald. De kompetysjes kinne neffens it bûn troch it coronafirus net mear op in winske manier útspile wurde foar de simmerstop. It betsjut dat der gjin kampioenen binne en gjinien promovearret of degradearret. De bekertoernoaien wurde ek net ôfmakke.
Harkemase Boys en ONS Snits dit seizoen © www.orange-pictures.nl
Alle ploegen spylje takom seizoen dus yn deselde klasse as dit seizoen. "Door vandaag de knoop door te hakken willen we vooral iedereen duidelijkheid geven", seit Jan Dirk van der Zee, direkteur amateurfuotbal. "Met ons besluit om de competities niet te hervatten zijn we niet over een nacht ijs gegaan. Zo hebben we eerder veelvuldig contact gehad met vertegenwoordigers van verenigingen in het land, onze ledenraad en alle belangenverenigingen in het amateurvoetbal."
Premier Rutte makke tiisdei ek bekend dat it proffuotbal yn alle gefallen oant 1 juny stilleit. De KNVB hat woansdei oerlis mei de UEFA oer it fierdere ferrin fan dit seizoen.
It betsjut ek dat de twa heechst spyljende Fryske amateurklups takom seizoen wer by elkoar yn de kompetysje sitte: Harkemase Boys en ONS Snits. Dy earste klup die mei om promoasje nei de twadde difyzje, de oare stie op degradearjen.
"As ik earlik bin, fielde ik wol oankommen dat it net slagje soe om dit seizoen ôf te meitsjen", seit Willem Brouwer, trainer fan de Harkiten. "Yn de simmer meist faak ek net fuotbalje op de fjilden. De hiele wrâld stiet in bytsje yn de fik. Ik hoopje dat dat fan it simmer wer wat bedarret."
Willem Brouwer fan Harkemase Boys © www.orange-pictures.nl
Jan Vlap is takom seizoen trainer fan ONS Snits. Syn klup stie op in degradaasjeplak en soe yn dat gefal takom seizoen yn de haadklasse spylje. Dat is no dus net mear sa. "Dit is wel apart", seit er. "Apart dat we volgend seizoen gewoon weer in de derde divisie spelen. Dan zijn we samen met Harkemase Boys toch weer de hoogst spelende club, dat is het mooie. Maar voor de club was het ook niet erg geweest als we een divisie lager hadden gespeeld."
Vlap doelt dêrmei op de publike belangstelling by de wedstriden, dy't yn de haadklasse wol gauris heger is. "Tegen clubs als Staphorst, Genemuiden, ACV, Urk en Flevo Boys komt er meer publiek dan tegen veel clubs in de derde divisie."
Jan Vlap, takom seizoen wer trainer fan ONS Snits © www.orange-pictures.nl
Ik had geen idee wat de KNVB ging doen of moest doen.
Jan Vlap, takom seizoen trainer fan ONS Snits
It nijs dat it seizoen net mear ôfmakke wurdt, kaam foar Vlap as in ferrassing. "Hier hadden niet veel mensen rekening mee gehouden. Ik had geen idee wat de KNVB ging doen of moest doen. Als toekomstige degradant moet je blij zijn dat je er nu in blijft, maar ik vind het veel sneuer voor clubs die dicht bij promotie stonden." Hy neamt dêrby syn âld-klups Staphorst (haadklasse) en Burgum (twadde klasse), dy't in grutte foarsprong hiene op de konkurrinsje.
Klups dochs promovearje of degradearje litte, wie neffens Brouwer gjin opsje. "Der binne kompetysjes mei grutte ferskillen, mar ek kompetysjes dêr't de ploegen sawat lyk steane. It is hiel sneu, mar it is allegear 'overmacht'. Dus gjin geseur, der binne saken dy't belangriker binne."

De Fryske derby bliuwt

Harkemase Boys stie op it tredde plak en hie dêrmei play-offs spile om promoasje. Dat giet net troch. Mar Brouwer sjocht ek in foardiel: "De derby tsjin ONS bliuwt bestean!"
Brouwer wie noch mar krekt by Harkemase Boys. Tegearre mei Klaas Schotanus soe er dit seizoen ôfmeitsje, nei't de foarige trainer (Hans de Jong) ûntslein wie. No is it seizoen dus noch folle earder dien. "It is skande dat it sa ôfrint. Miskien moatte we letter - as it kin - noch in ôfskiedsfeestje organisearje, ek omdat der wat jonges fuort geane. We moatte it kreas ôfslute."

KNVB: Finansjele konsekwinsjes beheine

De klups rinne troch de coronakrisis ek sponsorynkomsten mis, seit Brouwer fan Harkemase Boys. De KNVB hat tiisdei direkt sein dat se de finansjele konsekwinsjes foar amateurferieningen beheine wolle. Gewoanwei betelje de klups alle moannen oan it bûn, mar dat hoecht no yn april en maaie net.
"Daarnaast geeft de KNVB een restitutie op de reeds in rekening gebrachte wedstrijdgelden. De hoogte van deze restitutie is gebaseerd op het aantal niet gespeelde wedstrijden. Dit is uiteindelijk terug te zien in de eindafrekening."
Dêrnjonken wol de KNVB dat der in needfûns komt foar de sport.