FNP Achtkarspelen boykot riedsgearkomsten

31 mrt 2020 - 20:43

De FNP-fraksje yn Achtkarspelen fynt it "ûnbegryplik en net besteanber" dat de riedsfergaderingen yn dy gemeente fysyk trochgeane. "De oerheid nimt needsaaklike maatregels, mar de gemeentlike oerheid yn Achtkarspelen fynt blykber dat al dy regels allinnich foar in oar jilde en net foar harren sels", seit riedslid Tjibbe Brinkman.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Wy hawwe genôch minsken yn de ried of harren neisten dy dit firus perfoarst net hawwe kinne", seit Brinkman. Hy fynt it ek net in goed sinjaal nei alle minsken en bedriuwen dy't troch de maatregels "fan it ien op it oare momint platlein binne".

Neffens Brinkman binne in soad riedsleden it der net mei iens dat de gearkomsten trochgeane. Oerlis yn it debat kin no net, fanwege de rjochtline fan oardel meter ôfstân. En ien persoan de fraksje is ek gjin mooglikheid: "Dat betsjut gjin twadde omgong dêr't elk him útsprekke kin."

De FNP boykot dêrom de riedsgearkomsten. "Wy binne djip teloarsteld yn de machtspolityk dy hjir bedreaun wurdt en winskje dêr net oan mei te wurkjen."

(advertinsje)
(advertinsje)