Coronamaatregels jilde no oant en mei 28 april, skoallen ticht oant maaiefakânsje

31 mrt 2020 - 19:01

It kabinet hat de maatregels om de fersprieding fan it coronafirus te foarkommen ferlinge oant en mei 28 april. Dat is trije wiken langer as earst. Dat hat premier Mark Rutte sein op in parsekonferinsje.

De parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge:

Restaurants, musea, kafees, kappers, sportklups en alle oare plakken dy't oant 6 april ticht bliuwe moasten, binne no sletten oant 28 april. Skoallen binne ticht oant en mei de maaiefakânsje. Eveneminten dêr't in fergunning foar nedich is, wiene al ferbean oant 1 juny.

Neffens Rutte wie in oar beslút net mooglik, om foar te kommen dat de firusútbraak út de hân rint. "En om kwetsbare groepen te beschermen en ervoor te zorgen dat zorgverleners en ziekenhuizen de grote druk aankunnen."

De parsekonferinsje fan premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge - Foto: ANP

We zijn er nog lang niet.

Premier Mark Rutte

Eksperts sizze dat de maatregels helpe tsjin de fersprieding fan it firus, sei Rutte. Sa giet it tal siken minder rap omheech as in pear wiken lyn. En minsken dy't it firus wol ha, besmette minder oaren as earst. "Maar we zijn er nog lang niet", neffens de premier.

It duorret wol in pear wiken foardat de ferbettering te sjen is yn it tal pasjinten yn de sikehûzen. Der sit tiid tusken it momint dat minsken besmet reitsje, siik wurde en dêrnei in mooglike sikehûsopname.

Rutte sprekt syn wurdearring yn foar elkenien dy't him yn dizze perioade oanpast oan alle maatregels: âlders mei bern, skoallen, supermerken, ûndernimmers en elkenien dy't trochwurket. "Zeker in de zorg, waar op dit moment heel veel gevraagd wordt van iedereen die er werkt. Houd dit alsjeblieft allemaal vol."

Gjin plannen meitsje

Dêrnjonken rôp Rutte elkenien op om gjin plannen te meitsjen foar de maaiefakânsje.

Hoe't it nei 28 april komt, wit Rutte noch net. "Het zou mij verbazen dat je na 28 april kunt zeggen: alles is weer normaal. Het kan zijn dat we na 28 april op deze wijze moeten doorgaan."

Op 21 april beslút it kabinet oft de coronamaatregels opnij ferlinge wurde moatte of net.

Mear tests foar soarchpersoniel

Mei yngong fan moandei wurdt soarchpersoniel bûten de sikehûzen ek test op it coronafirus as se klachten ha, sei minister Hugo de Jonge. Binnen in pear wiken wurdt de testkapasiteit fjouwer kear sa grut. Dan is it mooglik om alle dagen 17.500 tests út te fieren.

Op de fraach oft de sikehûzen it wurk noch oan kinne, sei De Jonge: "Het piept en het kraakt aan alle kanten. Maar tegelijk zie ik een enorme gedrevenheid om dit op te lossen."

Trefwurden: 
Mark Rutte coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)