Harkemaster Krante ferskynt net fanwege coronakrisis

De nijste edysje fan de Harkemaster Krante kin net ferskine. De redaksje hat dêr ferskate redenenen foar. Sa kinne de meiwurkers net op feilige ôfstân fan elkoar wurkje, dêr is gjin romte foar. En guon redaksjeleden hearre by de risikogroep. Boppedat komt der hast gjin kopij binnen, omdat alle eveneminten oergean en it ferieningslibben stilleit.
© Harkemaster Krante
De Harkemaster Krante set syn nijs de kommende tiid op de Facebookside. De redaksje hopet dat it mar foar ien edysje fan de krante jildt, dat dy net makke wurde kin.