Provinsje posityf oer boarjen nei ierdwaarmte Súdwesthoeke, net oer gaswinning

31 mrt 2020 - 18:21

De provinsje Fryslân jout in posityf advys oan it ministearje fan Ekonomyske Saken foar boarrings om ierdwaarmte te sykjen. Mar dan inkeld nei ierdwaarmte. Enerzjymaatskippij Vermilion hie in fersyk yntsjinne by it Ryk om yn de Súdwesthoeke boarrings te dwaan om nei ierdwaarmte te sykjen.

Foto: Omrop Fryslân

It kolleezje stiet posityf tsjinoer ierdwaarmte as alternative enerzjy. Mar as Vermilion de boarringen nei ierdwaarmte kombinearje wol mei gaswinning, dan advisearret de provinsje it ministearje dêr gjin tastimming foar te jaan.

(advertinsje)
(advertinsje)