Ien persoan licht ferwûne nei brân yn garaazje Drachten

31 mrt 2020 - 18:06

By in brân yn in garaazjeboks yn Drachten hat ien persoan mooglik reek ynazeme. Ambulânsepersoniel sjocht hoe't de persoan deroan ta is.

Foto: ProNews

De brân wie oan de Tussendiepen. Hoe't dy ûntstean koe, is noch net bekend. Omstanners sizze dat se in knal hearden, wêrnei't der swarte reek út de boks kaam. Yn de loads stie in auto, dy't yn brân flein is.

De brânwacht hat de brân yntusken ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)