Steatsboskbehear plantet 40.000 beammen yn Súdeast-Fryslân

31 mrt 2020 - 17:28

Steatsboskbehear plantet sawat 40.000 beammen by Oranjewâld, De Haule, Sânhuzen en De Tynje. De beammen ferfange esken, dy't fanwege de esketûksykte kapt wurde moasten. Yn it súdeasten fan Fryslân stiene in soad esken.

Foto: Steatsboskbehear

Ferline jier is by Nijeholtpea sechtjin bunder nij bosk oanplante. Steatsboskbehear hie al earder beammen sette wollen op dy fjouwer oare plakken, mar oant no ta wie de grûn der te wiet foar. Alle 40.000 beammen en strûken wurde mei de hân plante.

Trefwurden: 
beammen Steatsboskbehear
(advertinsje)
(advertinsje)