Ekstra stipe provinsje foar middelgrutte en lytsere bedriuwen

De provinsje komt ûndernimmers dy't troffen binne troch de coronakrisis yn de mjitte mei de MKB-voucher-regeling. Dy kinne se fan freed ôf ek brûke foar de oplieding fan it personiel. De bedriuwen kinne oant de helte fan wat dat harren kostet, weromkrije fan de provinsje.
It Provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De provinsje seit dat de regeling in stimulâns wêze moat foar bedriuwen om te ynvestearjen yn personiel. Dêr kin it no it goede momint foar wêze, seit deputearre Sander de Rouwe. Meiwurkers kinne bygelyks oplaat wurde om klear te wêzen foar in oar produksjeproses.