Skoallen langer ticht? Yn Balk krije de bern al ekstra opdrachten foar thús

31 mrt 2020 - 16:32

Hoe komt it mei de sluting fan de skoallen? Dy fraach hâldt âlden, bern en skoallen dizze tiisdei dwaande. De parsekonferinsje fan it kabinet moat jûn dúdlik meitsje oft skoallen langer as 6 april ticht bliuwe. De katolike basisskoalle Sint Ludgerus yn Balk wachtet de parsekonferinsje fan it kabinet net ôf en dielt alfêst ekstra skoalboeken en opdrachten út oan de learlingen. "Dit sil noch langer duorje en dêr moatte wy op taret wêze."

De doarren fan de Ludgerus yn Balk binne dizze iene kear iepen. Bas Bosma stapt yn it lege gebou nei binnen. "Ik kaam de boeken foar myn dochter opheljen", seit er tsjin in master dy't efter in grutte tafel sit. Bosma krijt in steapel mei taal en rekkenjen mei. "It thús lesjaan is foar ús net in hiel maklike situaasje", seit er earlik. "As je bern thús sitte, dan falle se gau werom yn it thús wêzen. Se ha it gefoel of binne se frij. Je besykje de bern derby te hâlden en wat ritme oan te bringen, mar dat is dochs wol dreech."

Net allinnich foar de bern is it dreech. Bosma is krekt foar de twadde kear heit wurden. "Dy lytse fan 10 moanne hat in protte omtinken nedich. Dy hat hielendal gjin ritme. Dan is it foar ús ekstra oanpoatsjen."

Alden helje boeken op by de skoalle

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort

Je misse de bern

Master Patrick de Vries dielt al de hiele moarn boeken út. "Sjoch, hjir sit myn klasse", seit er wylst er in steapel boeken nei binnen bringt. "Die is op it stuit sa leech, dat docht my gewoan sear. We jouwe in protte les fia de kompjûter en dan hâlde je in bytsje kontakt, mar ik mis de bern al. Ik soe se graach hjir ha wolle, want dan hâlde je it fysike kontakt en dêr dogge je it foar. Efkes in hân jaan en mei de bern yn petear. Dat mis ik it measte fan allegearre. Mar it is no efkes net oars."

Wikseljende reaksjes

De skoalle jout op it stuit in protte húswurk mei, om't se ferwachtsje dat de maatregels ferlinge wurde. "Wy gean derfan út dat we foarearst noch oant maaie ticht binne", fertelt direkteur Sjors de Wolff.

"Dus de âlden sille wenne moatte. We hiene it leafste fansels dat de bern der no wol wiene, mar der is neat oan te feroarjen. De maatregels soargje foar wikseljende reaksjes by âlden. De ien kin de bern makliker lesjaan as de oar. Njonken dat spilet de situaasje thús ek mei fansels. Wurkje de âlden ek thús? Ha se in oppas regelje kinnen? Dat binne allegearre faktoaren dy't ynfloed ha. Ek foar ús as skoalle is it oanpassen," seit De Wolff, wylst er Bosma útswaait. "We jouwe âlden as Bas no in protte húswurk mei, sadat de bern alfêst foarút kinne."

Foto: Omrop Fryslan, Willem Vermeltfoort
(advertinsje)
(advertinsje)