Fideodeiboek: húsdokter Bart Maats posityf test op corona

31 mrt 2020 - 18:11

Húsdokter Bart Maats fan De Gordyk hat corona. Hy fielde him dit wykein net fit en liet him dêrom teste op it coronafirus. Dat fertelt er yn syn fideodeiboek dat hy foar Omrop Fryslân makket. De test blykt posityf, mar Maats fielt him fierder goed.

De vlog fan Bart Maats, foardat er test wie:

Maats hat in praktyk op de Gordyk en sil de kommende tiid in fideodeiboek byhâlde foar it nije projekt fan Omrop Fryslan 'Berjochten út it hert'. Foar dat projekt filmet in netwurk fan minsken út de hiele provinsje fideodeiboeken fan harren deistige wurksumheden, om sa fan binnenút de provinsje sjen te litten wat der krekt spilet,

Acht pasjinten belle

Tiisdeitemoarn krige Maats de positive test werom. "Ik heb daarna gelijk al mijn patiënten en collega's gebeld die ik de afgelopen veertien dagen heb gezien. Dat waren een stuk of acht." By guon fan dy pasjinten hat hy sels beskermjende klean oan hân. Mei al dy minsken giet it goed, seit Maats.

Mei himsels giet it ek goed. Hy fielt him net siik en fynt it ek net spannend dat er corona hat. "Ik voel me goed en heb geen klachten. Normaal gezien was ik nu aan het werk gegaan. Nu ben ik voorzichtig en laat je je testen."

De reaksje fan Maats op de positive test:

Nei 24 oeren wer oan it wurk?

Neffens de regels dy't Maats meikrigen hat mei hy wer oan it wurk as er 24 oeren sûnder klachten west hat. Maats seit dat der oare regels jilde foar soarchpersoaniel mei corona, sadat dy safolle mooglik oan it wurk hâlden wurde kinne. Mar der fielt er him net goed by. "Ik denk dat ik deze regel wel ruimer interpreteer, dus ik meld mij nu af voor deze week. Volgende week neem ik denk ik weer contact op met de GGD voor eventueel een tweede test om te kijken of ik het nog heb."

Maats syn frou is húsdokter yn Beetstersweach en is ek test. Sy moat no earst ôfwachtsje op de útkomst.

Presintator Harm Weistra praat mei húsdokter Bart Maats

Bart Maats en de oare vloggers folgje? Sjoch dan op us dossierpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)