Waarme bakker besoarget fergees oan hûs

31 mrt 2020 - 16:13

It coronafirus rekket ek de saneamde krúsjale beroppen lykas bakkers. De winkels binne dan wol iepen, it tal klanten is bot tebekrûn. Foar bakker Romke van der Meulen mei winkels yn Snits en Frjentsjer is de klap ekstra hurd oankaam omdat hy spesjalisearre is yn banketprodukten.

Minsken komme net mear byinoar oer de flier en jierdeis wurde net fierd en dus wurde der hast gjin gebakjes mear iten. "Boppedat moasten we ús kofje-corner yn Snits yn de Korenbloem slute, sadat we dy omset ek kwyt binne", seit Romke van der Meulen. Om de saak draaiende te hâlden is er no mei in besoarchtsjinst begûn. Sawol yn Snits as yn Frjentsjer en fier derbûten. Fergees.

Banketbakkerij Schaafsma - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

En it wurket. Van der Meulen fernimt dat ek op dit mêd minsken om inoar tinke. "Ik krige in fraach fan in jongeman út Amsterdam oft wy by syn pake yn it fersoargingshûs yn Snits twa puntsjes hazzelnútgebak delbringe woenen. Om in bytsje fleur oan it libben te jaan. Dat binne moaie dingen."

Bakker Romke van der Meulen mei selsbakte sûkerbôle - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Dêr't de produksje fan banketprodukten minder wurden is, bakt de bakker no wol mear bôle. "Der wurdt 20 oant 30 persint minder banket makke, mar wy sjogge just in taname, as wy sjogge nei it bakken fan bôle, broadsjes, krintebollen en sûkerbôle."

Ferslachjouwer Timo Jepkema praat mei banketbakker Romke van der Meuelen

Besoarchtsjinst

De bakker hat in webwinkel dêr't minsken harren bôle of banket bestelle kinne. De bestellingen wurde fergees útsutele yn in grut gebiet. "Wy besoargje dus yn de omkriten fan Snits en Frjentsjer en alles wat dêrtusken leit, mar ek al rjochting Harns en Ljouwert."

Minsken keapje minder banketprodukten - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema
(advertinsje)
(advertinsje)