MBO en HBO meitsje meiwurkers frij om mei te helpen yn de soarch

31 mrt 2020 - 15:44

It Friesland College, ROC Friese Poort en NHL Stenden meitsje meiwurkers frij om by te springen yn de soarch. De skoallen hawwe al kollega's frijmakke dy't in dûbelde oanstelling hawwe, yn it ûnderwiis en de soarch, om hielendal yn de soarch te helpen. Ek meiwurkers dy't op oare terreinen yn te setten binne, krije dêr de romte foar.

WMO-soarch - Foto: Shutterstock.com (Lighthunter)

De trije skoallen wurkje mei elkoar gear om makliker ynspylje te kinnen op de fraach fan de soarch. Dosinten fan it Friesland College begjinne dizze wike al by soarchynstelling Meriant op It Hearrenfean, in dosint fan ROC Friese Poort giet dizze wike oan de slach by Meckemastate yn Kollum. NHL Stenden set tredde- en fjirdejiers studinten yn by partners dêr't de hegeskoalle al kontakten mei hat.

(advertinsje)
(advertinsje)