ChristenUnie: 'Noard-Brabân docht oan stikstofhannel oer de provinsjegrinzen hinne'

De provinsje Noard-Brabân is dwaande om yn oare provinsjes agraryske bedriuwen op te keapjen. Dat seit de fraksje fan de ChristenUnie yn Provinsjale Steaten. Dy krijt dêr sinjalen oer. Noard-Brabân brûkt de stikstofrjochten fan agraryske bedriuwen om de ekonomyske ûntwikkeling foar yndustry mooglik te meitsjen yn de eigen provinsje.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
As dit oerheidsbelied is, dan stiet foar grutte bedriuwen de doar waachwiid iepen om manmachtich boerebedriuwen op te keapjen, seit de ChristenUnie. It spilet al yn Seelân, Noard-Hollân en Drinte. De ChristenUnie is der benaud foar dat Fryslân aanst leechkocht wurdt. De partij wol fan Deputearre Steaten witte wat dy der oan dwaan sille.
Fraksjefoarsitter Wiebo de Vries hat it oer 'stikstofhannel oer de provinsjegrinzen hinne'. Provinsjes dy't it hurdst de stikstofromte nedich ha, keapje bedriuwen yn it wylde wei op, neffens de partij.
"De provinsje Drinte hat al in reaksje jûn dat se der net bliid binne. En wy wolle witte oft der yn Fryslân ek al oanfragen binne", seit De Vries. "We wolle foarkomme dat hjir boerebedriuwen opkocht wurde om op in oar plak yndustry te meitsjen. Ik bin der wol in bytsje lilk om."