Nije fûgeleilannen op it Waad moatte helpe by it brieden

Nije fûgeleilannen yn en by Fryslân bûtendyks en oan de binnenkant fan de seediken kinne fûgels op it Waad helpe oan plakken dêr't sy feilich briede en frette kinne. Dat stiet yn in rapport oer it fersterkjen fan de natuer by de Fryske Waadkust del, fan Koehoal oant en mei de Lauwersmar. Yn totaal binne der tolve natuermaatregels ynventarisearre.
It nije ôfstreamkanaal troch it Noarderleech by gemaal de Heining © Remco de Vries, Omrop Fryslân
It giet om maatregels dy't kombinearre wurde mei it opknappen fan de seedyk wêrby't de feilichheid it wichtichste doel is. Mar it dynamyske karakter fan de kust en dêrmei ek de betsjutting foar de natuer stiet ûnder druk. Dat wurdt allinnich mar slimmer troch it ferwachte omheechkommen fan de seespegel troch de feroarings yn it klimaat. Dus hawwe saakkundigen de koppen byelkoar stutsen en sjoen hoe't je hjir wurk mei wurk kombinearje kinne.

Brak wetter

Ien fan de meast fiergeande maatregels is it beheind binnenlitten fan de see. Dêr wurdt by Holwert al in skoft oan wurke. Dat soe ek op mear plakken kinne, wêrtroch't der in brakwettersône ûntstiet. Bûtendyks is dat al yn praktyk brocht by it nije gemaal de Heining yn it Noarderleech. Binnendyks soe dat kinne tusken Koehoal en Swarte Haan en tusken Ternaard en Moddergat. Soks is goed foar bygelyks fisken dy't tusken swiet en sâlt wetter hinne en wer lûke, mar eins is sa'n brakwettermiljeu goed foar in grut ferskaat oan soarten. It slyk dat fan bûten yn sa'n binnendykse 'wikselpolder' ôfset wurdt, is ek wer te brûken om de seediken te fersterkjen.
It Noarderleech © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Flechtplakken

Oare maatregels binne bygelyks it meitsjen fan saneamde heechwetterflechtplakken dêr't fûgels feilich it hege wetter ôfwachtsje kinne. Dy binne der foar in part al, mar dat soene der mear wurde kinne. Foar in part kinne dy der komme yn al rinnende ûntwikkkelingen lykas by Koehoal dêr't slyk foar de kust stoart is om de kwelder dêr út te wreidzjen.
Mar der wurdt ek sjoen nei lokaasje oan de binnenkant fan de dyk. Bûtendyks binne in soad kwelders ferrûge en komme der mar kwealik nije kwelders by, mei de planten dy't dêrby hearre. Opsjes om dêr wat oan te dwaan, binne bygelyks it ôfgraven fan âlde kwelders of nije kwelderwurken, mar ek it trochstekken fan simmerdiken of it meitsje fan geulen de kwelders yn. It trochstekken fan simmerdiken hat as ek as gefolch dat de see dy opheegje kin mei nij slyk.
De maatregels binne net allinnich keppele oan de dykfersterking, mar ek oan elkoar. Nije kwelderwurken mei de peallen dy't dêrby hearre, jouwe organismen ek de kâns om harren op in hurd oerflak lykas dy peallen te festigjen, om mar in lyts foarbyld te neamen. Ien en oar moat noch wol fierder útwurke wurde. Der komme ek petearen mei bewenners, grûneigeners en alle oare partijen dy't hjirby belutsen binne.