Kaartferkeap Feanhoop Festival foarearst útsteld

31 mrt 2020 - 13:55

De kaartferkeap foar de 69ste edysje fan it Feanhoop Festival is útsteld. Troch de maatregels om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen is net wis oft it festival dit jier wol trochgean kin. Jan Feitsma, foarsitter fan it festival, hâldt in slach om de earm: "Myn gefoel seit: dit giet troch, mar ik ha ek in oar gefoel dat seit dat alle eveneminten dit jier skrast wurde."

Foto: Veenhoop Festival

It âldste festival fan Nederlân sil, as de omstannichheden it talitte, plak fine fan 17 oant 20 july op De Feanhoop. Gewoanwei soe om dizze tiid hinne de line-up fan it festival bekend makke wurde, mar ek dat is útsteld.

In nije datum wurdt letter bekend makke. Feitsma jout oan dat der foar in definityf beslút oer de edysje fan dit jier de parsekonferinsje fan it kabinet fan dizze jûn ôfwachtsje wol: "We hoopje dat we dan witte wêr't we oan ta binne."

Jan Feitsma, foarsitter fan it Veenhoop Festival

De organisaasje hat derfoar keazen om de kaartferkeap út te stellen, om't minsken dan gjin jild hoege út te jaan wylst noch ûnwis is oft it festival trochgiet. Feitsma is net bang dat artysten dy't boekt binne fuortrinne: "Veenhoop hat in goede namme, dêr binne we net bang foar. De kontrakten binne boppedat al tekene."

Mocht it festival net trochgean, dan soe dat neffens Feitsma de twadde kear yn de lange skiednis fan it Feanhoop Festival wêze. Al wit hy net mear wat de lêste kear de oarsaak west hat.

(advertinsje)
(advertinsje)