Friezinne om utens yn Ingelân: "Brexit before breathing"

31 mrt 2020 - 13:29

It coronafirus slacht oeral op de wrâld om him hinne, ek yn Grut-Brittannië. Dêr't earst Brexit it praat fan de dei wie, is dat no fansels corona. Yn Grut-Brittannië binne no goed 22.000 gefallen fêststeld, en goed 1400 minsken binne der yntusken oan ferstoarn.

Foto: Omrop Fryslân

Mei Friezinne om utens Mona Smith-Kramer giet it persoanlik wol goed. Mei har Britske man en soan wennet se yn High Wycombe, net safier fan Londen ôf. "Mei ús giet it wol goed hear. Wy sitte no thús. Myn man wurket fan hûs út en ik min of mear ek. Us soan syn eksamens binne ôfsein en we sitte yn spanning wat foar sifers at hy krije sil."

Smith-Kramer wurket op in skoalle as ûnderwiisassistint foar learlingen mei in beheining. "Gewoanwei bin ik hiel drok mei de help by eksamens, mar dy binne der no net, dus myn wurk falt ek wat stil. Lokkich kinne wy nei bûten ta en dat dogge wy ek ien kear pear dei en wy sitte net hutje mutje. Wy kinne allegear nei ús eigen keamer. Oan de oare kant sjogge we inoar wol wer wat faker, gean der mei ús trijen op út, dus it is earne ek wol gesellich."

"Regear hie folle earder optrede moatten"

Oer de politike koers fan Grut-Brittannië is Smith-Kramer minder te sprekken. "De maatregels om it coronafirus tsjin te gean hienen al folle earder naam wurde moatten. Offisjeel binne we noch mar in wike op slot, mar wy sels sitte al wol twa wiken thús." De skoalbestjoeren namen sels it heft yn hannen en namen sels it beslút om de doarren te sluten. "Der is polityk sjoen by ús gjin ienheid. Premier Johnson sei: 'ús advys is om dit en dat te dwaan. Mar advizen binne gjin befel en dus sieten de kroegen noch gewoan fol en sieten der in goede wike lyn noch tûzenen fuotbalsupporters yn in stadion. It regear hie echt folle earder optrede moatten."

Brexit before breathing

Wêr't de ôfrûne jierren benammen praat waard oer de Brexit, bringt it coronafirus dat ûnderwerp no wol mear op de eftergrûn. Smith-Kramer tinkt lykwols dat politisy de coronakrisis ek wol goed brûke kinne. "De Brexit wurdt no wol echt op de eftergrûn drukt. Us
Travel Agreement oer it reizgjen bûten de grinzen leit no stil. Mar dizze medyske krisis is ek in perfekt ekskús om de ekonomyske krisis ôf te skowen op it coronafirus yn stee fan op de Brexit."

Wêr't Smith-Kramer ek min oer te sprekken is oer de Europeeske gearwurking. "Europa is no dwaande mei it ynkeapjen fan medyske materialen. Grut-Brittannië wie dêrfoar ek útnûge, mar it regear hjir seit dat se dy mailtsjes nea krigen hawwe. En dus dogge de Britten net mei oan de Europeeske ynkeap fan genêskundige saken, lykas beäzemingapparatuer. It liket hjir wol in saak fan 'Brexit before breathing', earst alles om dy Brexit hinne regelje en dan sjogge wy dêrnei wolris hoe't it mei de sûnens komt. Mar goed, hjir moatte wy it foarearst mei dwaan."

(advertinsje)
(advertinsje)