Boargemaster Brouwer: "Polityk debat mei beheind klupke en op feilige ôfstân"

31 mrt 2020 - 13:09

Riedslid Buising en boargemaster Brouwer fan Achtkarpelen binne it net iens oer de riedsgearkomste fan 16 april. Buising fynt it tige ûnferstannich en roekeleas fanwege de gefaren op besmetting mei it coronafirus, mar Brouwer tinkt dat it yn oanpaste foarm wol trochgean kin.

Boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boargemaster Oebele Brouwer

"Polityk proses moat op goede manier"

Boargemaster Oebele Brouwer sjocht it oars. Hy wol in 'polityk debat mei beheind klupke en op feilige ôfstân. Brouwer fynt net dat it trochgean fan de gearkomste fan 16 april ûnferantwurde is. "It moat feilich wêze, mar it politike proses moat ek op in goede manier."

Riedslid Rinus Buising fan de fraksje Raadslid Buising seit dúdlik wêr't it op stiet. Hy fynt it feit dat de gemeente de riedsgearkomste fan 16 april trochgean lit ''onvoorstelbaar, ondoordacht, roekeloos en hoogst onverstandig.'' En dat nettsjinsteande allerhanne strange coronamaatregelen tsjin fierdere fersprieding fan it firus. De 'Gast van de Raad' en it sprekoere foarôfgeand oan de riedsgearkomste binne wol ôfsein, mar de ried sels giet gewoan troch.

Wy sitte wol 3 meter útinoar.

Boargemaster Oebele Brouwer

Neffens Brouwer kin it wol feilich, want "wy komme byinoar yn in grutte romte en dat is feilich, want wy sitte wol 3 meter útinoar. Wy moatte is op dizze manier dwaan, as der wichtige ûnderwerpen binne dy't echt gjin útstel lije kinne of dy't finansjele konsewkinsjes hawwe." De gearkomsten fan Achtkarpelen en in soad oare gemeenten binne op ynternet te folgjen en werom te sjen. It publyk kin der dus ek nei sjen.

Needwet

Foar beslútfoarmjende gearkomsten fan de gemeente jildt oant no ta presinsjeplicht en dat kin net digitaal. Der is in needwet kommendeweis. Dêr stiet yn dat gemeenterieden tenei ek digitaal fergaderje en besluten nimme meie. De tekst fan de needwet is tiisdei nei de Twadde Keamer stjoerd. De needwet wurd takom wike yn de Earste Keamer bepraat. De nije wet giet dan nei alle gedachten op 10 april yn.

(advertinsje)
(advertinsje)