Offalferwurker hat alternatyf betocht foar himmelwiken

31 mrt 2020 - 12:21

Offalferwurker Omrin hat in alternatyf betocht foar de himmelwiken dy't net trochgean kinne fanwege de coronamaatregels. Oan de himmelwiken dogge alle jierren tûzenen bern mei.

Offalwein - Foto: Omrin

Omrin hat online fan alles betocht om it ûnderwerp dochs ûnder it omtinken fan de bern te hâlden. Mei in smoargens-challenge, in ôffalkwis en bou- en kleurplaten. Der stean binne ek tips op om te nifeljen en filmkes. Bern kinne in priis winne mei de smoargens-challenge.

(advertinsje)
(advertinsje)